LangOER hat as doel om it ûnderwiis en it learen fan lytse talen te ferbetterjen troch middel fan OER / OEP Oer LangOERIn 3 – jierrich netwurk (jannewaris 2014 - desimber 2016), stipe troch KA2 Languages Action fan it Libben Lang Learen Programma fan de Europeeske Kommisje. Hoe kinne lytse talen, mei derby regionale - en minderheidstalen, foardiel helje út it gebrûk fan Open Educational Practices (OEP)? Hoe kinne Open Educational Resources (OER) sa foarme en ynsetten wurde, dat it taal - en kulturele ferskaat yn Europa befoardere wurdt? Hokker beliedsmaatregels binne goed foar de ynfiering fan kwalitatyf heechweardige OER op it mêd fan lytse talen? Lytse talen rinne it risiko om sawol taalkundich as kultureel ôfhinklik te wurden, yn it snel ûntwikkeljende lânskip fan OER/OEP, wat op it stuit dominearre wurdt troch it Ingelsk. It LangOER netwurk sjocht nei it ferlet fan de twa wichtichste doelgroepen: de ûnderwizers en beliedsmakkers. Foar de earste doelgroep, biedt it projekt face -to-face en online training sessies yn 7 talen oan, rjochte op it bewust wêzen fan OER / OEP ynklusyf it kreëarjen fan en gebrûk meitsjen fan meartalige en ynteraktive OER. Foar de lêste doelgroep, wurdt kapasiteit opbou neistribbe troch pan-europeeske ekspert eveneminten, belieds stipe en konsultaasje meganismen om behinderingen foar de ynfiering fan OER, te oerwinnen. It partnerskip bestiet út in tal wichtige organisaasjes: in organisaasje foar iepen en ôfstânûnderwiis,in konsortsium fan 30 europeeske onderwijsministeries liearre oan it grutste netwurk fan Europeeske skoallen, in ûndersykssintrum op it mêd fan meartaligens/netwurk fan meartalige skoallen yn minderheidstaal gebieten, universiteiten mei ûndersyks - en ûntwikkelings aktiviteiten mei in sterk lokaal en nasjonaal berik en bedriuwen mei ûnderfining yn kwaliteit foar e-learning op Europeesk nivo. De aktiviteiten sille resultearje yn fergelykjende studzjes, dokuminten ta beliedsfoarming en in show case mei goeie foarbylden. Boppedat wurde de aktiviteiten ek fieden troch ynternetstjoerde konferinsjes, webinars, in award kompetysje en op sosjale netwurken basearre diskusjes. De grutte útdaging fan it netwurk is lykwols om it taalferskaat en it kulturele ferskaat dêr't Europa grutsk op is, te fersterkjen op it ynternasjonale toaniel fan Open Education. Wichtige útkomsten wurde publisearre yn it EL , EN , LV , LT , NL , PL , SE en Frysk. It effekt fan it netwurk wurdt garandearre troch it ferspriedings potinsjeel fan de LangOER projekt partners, benammen troch harren pan-europeeske nasjonale netwurken. Partnership
Latest news from the LangOER blog: ----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------- LangOER (2014 – 2016) is a European network focused on enhancing the linguistic and cultural components of OER (open educational resources) by offering OER in less used languages and by enhancing sustainability through OER reuse.
|